Kollum fan de ried fan Wijbe Postma (FNP)

Home > Kollum fan de ried > Kollum fan de ried fan Wijbe Postma (FNP)

Kollum fan de ried fan Wijbe Postma (FNP)

Lyts Fryslân

Us gemeente hat as earetitel ‘Lyts Fryslân’. Dat slacht benammen op de ferskillende lânskipstypen dy’t binnen de gemeentegrinzen te finen binne. Wy ha de smûke Wâlden, it iepen greidegebiet, marren en hoekjes dêr’t  hichteferskillen te finen binne. Dêr meie wy grutsk op wêze en dat moatte wy hoedzje. 

Dat hoedzjen kin syn beslach krije yn ‘e Omjouwingswet (opfolger fan ‘e Wet op ‘e Romtlike Oardering). Yn dizze nije opset ha de boargers  mear kâns op beynfloeding fan ‘e plannemakkerij. Wat eartiids beregele waard yn bestimmingsplannen rint aanst fia de Omjouwingswetprosedueres. En it is in ferantwurdlikheid fan riedsleden om boargers te ynformearjen oer wat der op priemmen stiet as it om de ynrjochting fan har krite giet.

Der ha oer de ynfiering fan dizze nije wurkwize al in tal, tige leechdrompelige, ynformaasjemominten foar de boargers west. De ynteresse foar dizze sesjes is goed en de reaksjes moedjaand. De gemeentlike organisaasje (kolleezje, amtners, griffy) jout stipe oan ‘e ynbring fan ûnderop. 

Hoe oars giet it stadichwei op provinsjaal nivo. Dêr wurde yn saneamde ‘expertmeetings’ saken foarbakt en meie boargers op ‘Steatemerken’ har op ‘e hichte stelle fan ‘e plannen, mar dat mei net rekkene wurde as ynspraakmooglikheid. Sa wurdt de Fryske boarger ‘lyts’ hâlden by it ‘grutte’ provinsjebestjoer. Eins soe de oanpak yn ús ‘Lyts Fryslân’ as foarbyld tsjinje moatte om de mûnige boargers ek op provinsjaal nivo in stim te jaan.

Us provinsjale folksfertsjintwurdigers kinne oan ‘e bak!  

Wijbe Postma, FNP

wkpostma@t-diel-info.nl