Nynke Koopmans - van der Veen

Home > Eefkes foarstelle > Nynke Koopmans - van der Veen

Nynke Koopmans - van der Veen

 

Wenplak: Tytsjerk
Bertedatum: 24 oktober 1971
Berop: boerinne
Hobby: hynderride en reedride
Frijwilligerswurk: op dit stuit net
Politike partij: VVD

Ik wurd bliid fan:

in hiele protte dingen.

Ik lis wekker fan....

Ik meitsje my soargen oer hiel folle saken, mar gelokkich lis ik nearne (nergens) wekker fan. 

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat/want:

as jo it earne net mei iens binne, dan moatte jo dêrmei oan 'e slach.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne:

minder belesting foar ús ynwenners en minder regeljouwing, benammen foar ús ûndernimmers.

Wat leit der op myn nachtkastje en wêr dream ik fan?

Dat wolle jim net witte!

Dit wol ik noch kwyt:

minsken sizze faak tsjin my: polityk, dat is dochs droech en dreech? Datst dêr sin oan hast!
Mar polityk, en grif de gemeentlike polityk, is gewoan alles dêrst alle dagen mei te krijen hast. En it is allinne mar leuk om dy dêryn te ferdjipjen en dy yn te setten foar in oar.
Foar goede besluten is it hiel belangryk dat der genôch minsken út de praktyk yn de polityk sitte. Minsken dy't alle dagen te meitsjen ha mei bygelyks ûnderwiis, soarch, ynfrastruktuer, lânbou ensafuorthinne. Ik soe minsken dan ek oproppe wolle: tink der ris oer nei oft it ek wat foar jo is om jo beskikber te stellen. It is echt hiel leuk wurk!  

Ha jo in fraach oan my? Wolle jo noch wat kwyt?

Graach! Jo kinne my maile op it adres: wjkoopmans@t-diel-info.nl