Gelbrig Hoekstra-Mozes

Home > Eefkes foarstelle > Gelbrig Hoekstra-Mozes

Gelbrig Hoekstra-Mozes

Wenplak:  Suwâld
Bertedatum: 21 april 1963
Berop: ûndernimmer
Hobby: iten siede, in lange kuier meitsje, in moaie film sjen
Frijwilligerswurk: no eefkes net; njonken in húshâlding, bedriuw, ried en mantelsoarch spitigernôch gjin tiid
Politike partij: CDA

Ik wurd bliid fan:

de natoer, sa’t we dizze hjerst meimeitsje, prachtige kleuren, moaie loften, in protte sinneskynwaar!

Ik lis wekker fan:

rûzje, it útfergrutsjen fan ferskillen as doel op himsels.

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat:

de kristendemokrasy der foar kiest om de ferantwurdlikens foar de mienskip yn it foarste plak del te lizzen by de mienskip sels, by de minsken. Dat giet faak troch ferbannen wêryn't minsken omsjogge nei inoar of soargje foar inoar, lykas: it húsgesin, de ferienings, de doarpen en wiken, de skoallen, bedriuwen en tsjerken. Dus net alles ferwachtsje fan de merk of de ekonomy en ek net fan de oerheid. Minsken witte faak sels it bêste wat nedich is en se kinne in soad foar in oar betsjutte. Fan ûnderop, dat is wichtich foar it CDA.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne:

dat elkenien meidocht en meidwaan kin en as dat net sa is, dan moat de gemeente in fangnet wêze foar harren dy’t it op eigen krêft net rêde, krekt sa lang as nedich is.
Fierders wol ik graach:
Fan frijbliuwend nei belutsen: minsken binne der foar inoar.
Fan grinzen nei romte: minder regels en prosedueres, meer tinke fanút mooglikheden.
Fan soarch nei previnsje: foarkomme is better as genêze.
Fan polarisaasje nei partisipaasje: minsken mei-inoar ynstee fan tsjinoer inoar.
Fan ferbrûke nei wurdearje: net alles fan wearde is yn jild út te drukken.

Op myn nachtkastje leit:

in gedichtsje fan Saakje Huisman:

Juster haw ik
op besite west
by mysels.
Der wie tiid
begryp en r
êst.
Ik haw my
dêrom foarnommen
om ris faker
del te kommen.


Ik tink dat in protte minsken dêr ferlet fan hawwe; efkes by josels op besite yn dizze rûzige tiid.

Ik dream fan:

In reis by de fjordkusten fan Noarwegen del, mei de Hurtigruten op nei de Noordkaap.

Dit wol ik noch kwyt:

In konkrete winsk fan my en fan it CDA is dat we oan it wurk geane mei it oanlizzen fan de digitale sneldyk. Wolle we ús gemeente leefber halde en it fêstigjen fan nije ynwenners én bedriuwen op gong hâlde,  dan sille we soargje moatte foar snel ynternet foar elkenien. Skoallen, soarchynstellings en bedriuwen ha der no al lest fan dat se problemen ha mei it brûken fan programma’s, mei data-útwikseling, mei it ferstjoeren fan wurktekeningen of mei video-konferinsjes. Dat moat oars.

Ha jo in fraach oan my? Wolle jo noch wat kwyt?

Graach! Jo kinne my maile op it adres: ghoekstra@t-diel-info.nl