Freddy de Haan

Home > Eefkes foarstelle > Freddy de Haan

Freddy de Haan

Wenplak: Burgum
Bertedatum: 21 maart 1967
Berop: ferpleechkundige by GGZ Friesland (SPITS)
Hobby’s: krantlêze, in praatsje meitsje, karate, fitness, swimme en fanôf de tribune fuotbaljen sjen.
Frijwilligerswurk: by de Natres (militêr), by Argos (rampenbestriding), foarsitter fan MC Definsje, bestjoerslid fakbûn
Politike partij: FNP (de mienskip partij)

Ik wurd bliid fan:

 - as ik immen helpe kin en fan blide minsken yn in brûzjend Tytsjerksteradiel mei in soad aktiviteiten yn de doarpen
- lekker op in terraske yn de sinne in drankje nimme en in praatsje meitsje

Ik lis der wekker fan:

as earmoed en sykte in gesicht ha. Dan sliep ik min.

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat:

ik de stim fan de gewoane man en frou fan de strjitte fertsjintwurdigje wol. De saken sa leech mooglik helje en sa heech mooglik dellizze. En hurd meitsje foar elkenien yn ús gemeente.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne:

- Goede sûnessoarch thús en yn de buert foar eltsenien.

- Safolle mooglik wurkgelegenheid hâlde yn de gemeente.

- De doarpen sa sterk mooglik hâlde, mei it behâld fan safolle mooglik winkels,
  skoallen, sportferienings, kroegen en hoareka.

Op myn nachtkastje leit:

in smart-telefoan en der stiet in televyzje op.

Ik dream derfan:

dat men oer 4 jier seit: “dy Freddy die it sa gek noch net yn  de polityk.”

Dit wol ik noch kwyt:

ha jo wat op jo hert? Lit it my witte, by my fine jo altyd in harkjend ear en advys.
Jo kinne my maile op it adres: fdehaan@t-diel-info.nl