Eelke Hoekstra

Home > Eefkes foarstelle > Eelke Hoekstra

Eelke Hoekstra

Wenplak                 :         Eastermar
Bertedatum            :         7 augustus 1960
Berop                     :         Direkteur KBS de Reinbôge yn Burgum
Hobby                    :         Hurdrinne, lêze, houthakke en nei musyk lústerje
Frijwilligerswurk     :         Meihelpe by de ferskate ‘barrens’ yn Eastermar
Politike partij          :         CDA

Ik wurd bliid fan

de petearen mei myn bern thús en de bern op skoalle, mar ek fan in goed boek, moaie muzyk, in goed glês wyn of single malt whisky.

Ik lis wekker fan

al dy minsken dy't harren net mear thús fiele kinne yn harren eigen lân en op syk binne nei in feilich hinnekommen. It boek De ontelbaren fan de Belgyske skriuwer Elvis Peeters beskriuwt op oangripende wize wat der dan barre kin yn in mienskip.

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat

ik tink op dizze wize in bydrage leverje te kinnen oan it wolwêzen fan ús boargers en de leefberens yn dizze moaie gemeente. Jo steane as riedslid ticht by de minsken en jo ha te meitsjen mei saken dy't de minsken direkt reitsje.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne

om ynhâld te jaan oan wat ik hjirboppe oanjûn ha.

Op myn nachtkastje lizze

op dit stuit twa boeken. Foar in oplieding dy't wy as skoallelieders fan PCBO Tytsjerksteradiel folgje is it iene boek Authentiek leiderschap - ontdek en leef je missie fan Bas. W. Blekkingh. It motto fan dit boek is datsto leare kinst hoesto as autentyk lieder oaren ynspirearje kinst en sels lokkiger wurdst. It twadde boek is Liefde fan Karl Ove Knausgård. Liefde is diel twa út syn bysûndere autobiografyske rige Mijn strijd.

Ik dream fan

in wrâld sûnder grinzen dêr't eltsenien him-/harsels wêze kin en mei; dan ha wy ek gjin polityk nedich.

Dit wol ik noch kwyt

Mensen zijn verschillend.
De vingerafdruk van jou
is anders dan die van mij.
Ons DNA verschilt
van persoon tot persoon
en dat maakt ons uniek.
Net zo uniek is
onze kijk op de wereld
en de manier waarop
we de dingen beleven.
We kunnen elkaar aanvoelen
maar wat we ervaren
zal nooit helemaal
precies hetzelfde zijn.

Ha jo in fraach oan my? Wolle jo noch wat kwyt? Graach!

Jo kinne my maile op it adres: ehoekstra@t-diel-info.nl