Binne de Vries

Home > Eefkes foarstelle > Binne de Vries

Binne de Vries

Wenplak                 : Sumar
Bertedatum            : 14-07-1974
Berop                     : planner
Hobby                    : polityk, fuotbal en muzyk
Frijwilligerswurk     : Foarsitter “VV Suameer”
Politike partij          : FNP

Ik wurd bliid fan:

myn gesin.

Ik lis wekker fan:

de takomst fan myn bern.

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat:

ik wat dwaan woe foar de mienskip. En ek de stim fan de ynwenners fan ús gemeente hearre litte woe.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade:

Wy binne in finansjeel sûne gemeente mei in sosjaal gesicht. Dat wol ik graach sa hâlde en wêr’t dat mooglik is, útwreidje. Spitigernôch hawwe wy troch de besunigingen fan de lêste jierren wol wat ynboekt op dy thema’s, mar ik hoopje dat wy dat de kommende jierren wer goedmeitsje kinne. Ynvestearje yn sport en frijwilligers is foar my persoanlik in spearpunt. Gelokkich wurdt der de kommende jierren dochs behoarlik ynvesteard yn de sport. Mar it mei wat my oan giet wol in 'onsje' mear!

Op myn nachtkastje leit:

Op myn nachtkastje leit hielendal neat, dat ha ik net !

Ik dream derfan:

om de grutste party fan de gemeente en provinsje te wurden.

Dit wol ik noch kwyt:

ik winskje elkenien in hiele fijne fakânsje ta. En ik noadigje elkenien út om ris by in riedsgearkomste lâns te kommen, om sa sels mei te meitsjen dat it allegear lang sa ferfeelsum (‘saai’) noch net is!

Ha jo in fraach oan my? Wolle jo noch wat kwyt? Graach!

Jo kinne my maile op it adres: bdevries@t-diel-info.nl