Achttjin sollisitanten foar Tytsjerksteradiel

Home > Actueel > Achttjin sollisitanten foar Tytsjerksteradiel

Achttjin sollisitanten foar Tytsjerksteradiel

 Tretttjin manlju en fiif froulju ha sollisitearre nei de funksje fan boargemaster fan ’e gemeente Tytsjerksteradiel.  

Fan de achttjin kandidaten ha fyftjin ûnderfining as boargemaster of wethâlder. Mear as de helte fan de sollisitanten (10) is tusken de fyftich en sechtich jier âld. Mei sân gadingmakkers is de VVD it meast fertsjinwurdige.

Seis belangstellenden binne jonger as fyftich, twa âlder as sechtich. Njonken de VVD’ers binne se lid fan de PvdA (4), GroenLinks (3), CDA (2) en D66 (1). Fan ien gadingmakker is  de politike kleur ûnbekend.

Kommissaris fan de Kening Joan Leemhuis makket in seleksje út ‘e sollisitanten en oerleit hjiroer mei de gemeentlike betrouwenskommisje. De kommisje praat mei de selektearre kandidaten en bringt ferslach út oan ’e ried, mei in konseptoanbefelling. De ried beslút úteinliken hokker twa kandidaten op ’e oanbefelling komme, en yn hokker folchoarder.

De  minister van Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes folget yn syn foardracht yn begjinsel  de oanbefelling fan de ried. De Kroan beneamt dêrnei de nije boargemaster per Keninklik Beslút fan beneaming. De nije boargemaster folget dan nei alle gedachten begjin takom jier waarnimmend boargemaster Wilma Mansveld op.

Wilma Mansveld kaam dizze moanne nei Tytsjerksteradiel as opfolger fan boargemaster Eric ter Keurs, dy’t fuort gie. Doe Ter Keurs yn 2010 sollisitearre nei it boargemastersambt yn Tytsjerksteradiel wiene der ek achttjin kandidaten.